Halbertsmafilla Grou weriepene
Yn Grou wurdt ein nije wike de restaurearre Halbertsmafilla offisjeel weriepene. Sûnt in pear moanne sitte der fjouwer organisaasjes yn. Yn de nacht fan âld op nij 2005 baarnde de filla ôf, neidat er der hiel lang fertuteaze bystien hie.
Ynwenners fan Grou fersetten har tsjin de sloop fan it karakteristike gebou. Wenningkorporaasje Welkom hat de Halbertsmafilla dêrnei renovearre.