Wûns gamet foar Kika
De jeugd fan Wûns hat 1200 euro ophelle foar Kika, de stichting dy't him ynset foar bern mei kanker. Jonges en fammen út it doarp tusken de 12 en 16 jier hawwe it jild by-inoar krige mei kompjûterspultsjes. Se hawwe it gamen yn it doarpshûs 24 oeren lang folhâlden. Mei help fan it kompjûterspultsje Wii beweegden se.
De bedriuwen yn it doarp en in soad ynwenners hawwe sponsorjild beskikber steld foar it goede doel.