Enerzjyakkoart net ûndertekene

21 mrt 2008 - 12:22

Frjentsjerteradiel en Harns wolle gjin hanteken sette ûnder in grut enerzjyakkoart. De fjouwer noardlike provinsjes hawwe ôfpraat dat se har ynsette foar enerzjybesparring. De provinsje Fryslân wol dat alle gemeenten ek tekenje.

De twa gemeenten wolle dat net. De strangere regels as de wet kinne problemen jaan. Boppedat hawwe se al in enerzjyakkoart ûndertekene mei de Vereniging_Nederlandse_Gemeenten (VNG).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)