Oanhâlding nei stekpartij

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter fan 19 is tongersdeitenacht troch de plysje oanhâlden omdat er twa stedsgenoaten fan 18 mei in mes stutsen hawwe soe. De Ljouwerter krige rûzje mei de twa, wêrom is noch net dúdlik.
Beide slachtoffers moasten behannele wurde yn it sikehûs. De fertochte sit noch fêst op it plysjeburo. Hy wurdt fertocht fan swiere mishanneling of besykjen ta deaslach.