Priis foar Bob en Elma

Bob en Elma de Vries binne de maratonriders fan it jier (foto Martin de Jong)
Elma en Bob_de_Vries fan De_Haule binne tongersdei op it Reedridersgala yn Hilversum útroppen ta maratonreedriders fan it jier. Broer en suster De Vries wûnen de Dick van Gangelentrofee, de priis foar de striidlustichste riders yn it maratonpeloton. Se wûnen it ôfrûne seizoen beide it yndividuele klassemint.
Mei harren teams wûnen se ek de priis foar de bêste ploech.