Nominaasje foar hûzen Kollum

20 mrt 2008 - 20:52

De Wêromwenningen yn Kollum binne nominearre foar de Nationale Energie Toekomst Trofee. Dat is in lanlike priis fan it ministearje fan VROM foar enerzjysunich wurkje en wenje.

De Wêromwenningen yn Kollum binne huzen mei de nijste enerzjysunige techniken. Dêrtroch leverje se mear enerzjy op as as se ferbrûke. De twa Kollumer hûzen binne mei noch tolve oare projekten nominearre. Yn juny wurdt bekend wa't de priis wint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)