Rûteplanner foar fytsers

© Omrop Fryslân
Fan tongersdei ôf is der in rûteplanner spesjaal foar fytsers. It giet om in soarte fan navigaasje- systeem. Fytsers kinne fia de webside fietsersbond.nl/fietsrouteplanner in rûte útstippelje.
Dy rûte kin de gebrûker útprintsje, mar ek op in apparaat sette, ferlykber mei de TomTom. Dat apparaat klikt de fytser dan op it stjoer fan de fyts. Fjirtich frijwilligers hawwe hast 3000 kilometer yn kaart brocht.