Ljouwerter skoalle nei finale

De Prins_Constantijnskoalle yn Ljouwert is ien fan de finalisten fan it Frysktalige Sjongfestival foar bern op 11 april yn Drachten. De skoalle makke by de lêste foaromloop yn Burgum tongersdei yndruk op de sjueryleden Bangma, Nutma en Seegers.
De_Spreng fan Drachten en De Wrâldpoarte fan Garyp kwalifisearren har ek foar de finale yn De Lawei. De Skoalle mei de Bibel fan Wierum krige de wylde kaart en mei ek nei de finale.