Fierljeppers nei Korea

Bart Helmholt komt fan't hjerst mooglik yn Korea yn aksje (foto: Martin de Jong)
In delegaasje fan Fryske en Hollânske fierljeppers docht takom hjerst mei oan de TAFISA World Sports For All Games yn Súd-Korea. Dat is in soarte fan Olympyske Spelen foar kultuersporten. Oan dat evenemint, dat foar de fjirde kear hâlden wurdt, dogge sa'n 10.000 sporters mei út 100 lannen.
Ut Fryslân gean trije ljeppers en in bûnsfertsjintwurdiger nei Korea. Wa't dat binne, is noch net wis.