Fryske help by Russyske feefok

Fryske kennis nei Ruslân
It Ryk hat it Fryske bedriuw The Friesian út Ljouwert útkeazen om de Russyske feefoksektor de nijste technology by te bringen. It Ministearje fan Lânbou stelt dêrfoar de kommende fjouwer jier mear as trije miljoen euro beskikber.
Foar dat jild sil The Friesian yn gearwurking mei de Universiteit fan Wageningen har kennis en technyk oerbringe op de Russen. Dat soe goed wêze foar de eksportmooglikheden.