Pakt foar ruiljen stellen auto

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei trije manlju oppakt dy't besochten in stellen auto te ferkeapjen. It giet om twa Ljouwerters en in ynwenner fan Almelo. Se ruilen de auto by in bedriuw yn Snits om foar in oaren.
Doe't de autohanneler nei it postkantoar ried foar it oerskriuwen fan it kenteken, kaam er derachter dat de auto stellen wie. Hy belle de plysje. Dy koe de trije fertochten yn Ljouwert oanhâlde.