Saak-Ooms foar rjochter

20 mrt 2008 - 08:09

De trije fertochten fan de moard op Marinus Ooms út Haulerwyk moatte har tongersdei ferantwurdzje foar de rjochter. Ooms waard yn oktober 2006 dea fûn yn syn wenning. Ien fertochte meldde him flak nei de moard sels by de plysje. De oare twa waarden maaie ferline jier oanhâlden.

By de behanneling moat ek dúdlik wurde wat de krekte rol fan de trije west hat. Neffens it iepenbier ministearje ha se Ooms mei in mes deade.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)