Nicator en Read-Giel om tafel

© Omrop Fryslân
Fuotbalklubs Nicator en Read-Giel út Ljouwert stean iepen foar gearwurking. Dat sizze se nei oanlieding fan de oprop fan wethâlder Florijn fan Ljouwert om it tal fuotbalklubs yn Ljouwert werom te bringen.
By Nicator rint it ledetal werom en is dêrom posityf oer it idee fan gearwurking. Read-Giel fynt it net needsaaklik, mar stiet der wol iepen foar. Yn april sille de klubs mei de gemeente en de KNVB om tafel.