Provinsje hat noed oer Tibet

19 mrt 2008 - 15:28

De provinsje freget yn in brief oan de gûverneur fan de Sineeske provinsje Sichuan omtinken foar it geweld tsjin Tibetaanske muontsen. Dy demonstrearje tsjin de besetting fan Tibet.

It idee foar de brief komt fan Grien Links. Op de VVD nei stypje alle fraksjes it plan. De VVD fynt it gjin taak fan de provinsje om omtinken te freegjen foar de sitewaasje yn Tibet, mar fan it Nederlânske regear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)