Dokkum makket gjin flage Tibet

Dokkumer Flaggesintrale makket gjin Tibetaanske flagge
De Dokkumer Flaggesintrale makket gjin Tibetaanske flagge. Dat docht it bedriuw net om't de Sineeske provinsje net as lân troch Nederlân erkend wurdt. Der is wol fraach nei de flagge fanwegen de protesten fan Tibetanen dy't ûnôfhinklik wêze wolle. As in organisaasje legaal is, wurdt de flagge makke dêr't om frege wurdt. It bedriuw seit net oan polityk te dwaan.
Demonstranten yn Nederlân brûke flaggen dy't sels út Tibet komme.