18 jier yn Snitser moardsaak

29 mrt 2012 - 14:00

De fertochte Elias B. fan de moard op Aswintha Dijkstra fan Snits moat 18 jier de sel yn en ferplicht behannele wurde. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdei sein. Aswintha Dykstra waard yn juny foarich jier mei 17 messtekken om it libben brocht yn har hûs oan de Partuerstrjitte yn Snits.

It gie om de suster fan de eks-frou fan de fertochte. De man stie ek terjochte foar it yn de brân stekken fan in caravan yn Jislum. Dêr sieten twa minsken yn, mar dy koene der op tiid útkomme.

Neffens de rjochter binne alle saken bewiisd en is de man in gefaar foar de mienskip. Der wie troch it Iepenbier Ministearje ek 18 jier sel en twangferpleging frege. Advokaat Peter Plasman hie by de behanneling foar de rjochtbank sein dat it neffens him net om moard gie, mar om deaslach. De rjochtbank gie dêr net yn mei. Neffens rjochter Yvonne Huizing docht dat ûnder oaren bliken út de ferklearring fan de bern fan Aswintha Dijkstra. Sy hearden dat har eks-omke it hûs yn kaam en fuortendalik nei de keamer fan syn eks-skoansuske gong. De man ferklearre dat er allinnich op syk wie nei syn eigen bern, omdat er tocht dat dy yn Snits wêze soene, mar neffens de rjochtbank binne der gjin oanwizings fûn dat hy dy bern socht. Neidat er Aswintha Dijkstra 17 kear stutsen hie, hat hy net fierder socht.

De fertochte wie sels by de útspraak oanwêzich. Hy ûnderbruts de rjochter koart, omdat it neffens him net kloppe wat se sei. De famylje fan Aswintha Dijkstra is tefreden mei de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)