Bou replika byboat Barentsz

© Omrop Fryslân
De museumwerf op Skylge is begûn mei de bou fan in replika fan in ´byboat´ fan Willem_Barentsz. Fjouwerhûndert jier lyn kaam Willem_Barentsz mei syn ploech fêst te sitten yn it iis by Nova_Zembla. It grutte skip waard kreake troch it iis, mar mei de byboaten koene se fuortkomme.
It is foar it earst yn 30 jier dat der wer in skip boud wurdt op Skylge. Oer goed twa moannen moat er klear wêze. Mei de boat kin roeid en syld wurde.