Waadeilannen wolle grûn werom

De Waadeilannen wolle de grûn dy't gjin natuer is werom ha. Dat hat boargemaster Galama fan Flylân tsjin minister Verburg sein. De grûn op de eilannen is foar in grut part yn hannen fan Steatsboskbehear en Natuermonuminten.
Steatsboskbehear hat de erfpacht koartlyn mei 700% ferhege. Dat soarge foar in konflikt want net elkenien kin dat net betelje. De eilannen wolle de grûn sels ferhiere of ferpachtsje.