Reklamepriis foar 'Jou lûd'

De Fryske Reklamepriis is gien nei in spotsje fan de Dokkumer Vlaggen Centrale foar de bêste radiospot en it kampanjespotsje 'Jou lûd' fan Provinsjale Steaten foar de bêste televyzjespot. Dy lêste moast minsken derta oansette om te stimmen mei de provinsjale ferkiezings. Der wiene meiinoar 86 tv-ynstjoerings.
De prizen binne tiisdei útrikt op de bedriuwekontaktdagen yn it WTC/Expo yn Ljouwert.