Ferplicht mei bus nei Sparta
De supporters fan SC Hearrenfean moatte mei de bus nei de útwedstriid tsjin Sparta op snein 13 april. De Rotterdamske plysje hat in ferplichte buskomby oplein. Dat hat te meitsjen mei de maraton fan Rotterdam dat op dyselde dei plakfynt.
De plysje wol net dat it fuotbalpublyk en de taskôgers fan de maraton troch inoar hinne rinne.