'Brêge wol iepen middeisskoft'

De brêge yn it doarp Ychtenbrêge bliuwt gewoan iepen tusken tolve en ien. Dat seit wethâlder Van der Pal fan de gemeente Lemsterlân. De gemeente Lemsterlân giet troch mei de proefperioade fan in jier.
Undernimmers en polityk sille noch wol om tafel om de boatsjeminsken yn Ychtenbrêge te hâlden. De ûndernimmers wolle dêrom de brêge tusken de middei ticht hâlde. Dat is feiliger foar de skoalbern en goed foar de middenstân.