Ferve yn fjouwerkant pak

18 mrt 2008 - 15:17

In pear Ljouwerter ûndernimmers komme dizze wike op de merk mei ferve yn in kubus, dy't se foaral fia ynternet ferkeapje wolle. Oant no ta sit ferve yn rûne blikken bussen. Mar dat is net handich yn it transport en it kin ek miljeufreonliker. De ferve fan it bedriuw Verfspot sit dêrom yn in fjouwerkant kartonnen doaske.

It nije produkt sil earst benammen fia ynternet ferkocht wurde, letter folget de detailhannel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)