Earste-ljipaaifiner fynt wer 1

© Omrop Fryslân
De man fan it earste ljipaai fan Fryslân, Marten Scheffer fan Hitsum, hat ôfrûne sneon ek it earste ljipaai fan de gemeente Harns fûn. Scheffer fûn it aai op in stik lân achter it nijbouplan Ludinga yn de rjochting fan Achlum. It aai is yntusken oanbean oan boargemaster Paul Scheffer fan Harns.
Marten Scheffer fûn it earste ljipaai fan Fryslân op 6 maart ticht by syn wenplak. It lêste earste ljipaai fan de 31 gemeenten is fûn op Skylge.