LTO wiis mei heger molkkwotum

de boeren meie foar it earst sûnt jierren mear molke produsearje
LTO Noord is bliid mei it beslút fan de Europeeske ministers fan lânbou dat melkfeehâlders mei yngong fan 1 april yn totaal 2,5% mear molke leverje meie. It heale prosint wie al tasein en der komt dus no noch 2% by.
LTO Noord ferwachtet op dizze wize better ynspylje te kinnen op de groei fan de suvelkonsumpsje oer de hiele wrâld. Minister Verburg fan Lânbou wol it kwota alle jieren omheech bringe, en it yn 2015 hielendal ôfskaffe.