Brêge Ychtenbrêge oan ketting

de brêge wurdt oan de ketting lein
In oantal ûndernimmers yn Ychtenbrêge giet fallyt as it plan om de brêge ek tusken de middei te iepenjen foar boatsjeminsken trochgiet. Oant ferline wike wie de brêge tusken de middei ticht en dat moat foaral sa bliuwe, fynt it doarp. Dêrom is de brêge no mei in ketting fêstlein.
Boatsjeminsken dy't in oere wachtsje moatte, binne goed foar de lokale middenstân. Boppedat moatte skoalbern tusken de middei oer de brêge.