Measte sjauffeurs nei Wolters

18 mrt 2008 - 11:40

Taxi Wolters nimt nei bemiddeling fan de fakbûnen sawat alle sjauffeurs fan Connexxion Taxi oer om it ferfier fan handikapten yn Ljouwert te fersoargjen.

Under de 52 Connexxion-meiwurkers ûntstie ûnrêst doe't bliken die dat Taxi Wolters út Drachten de útfiering fan it WMO-ferfier yn Ljouwert yn hannen krige. Wolters lei de meiwurkers arbeidskontrakten foar, dy't harren net nei it sin wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)