Wer swarte seehûn yn opfang

18 mrt 2008 - 10:58

Der is moandei opnij in swarte seehûn binnenbrocht by de seehûnecrèche yn Pieterburen. It bistke spielde swier fermeagere oan yn Seelân. Hy hat tydlik de namme Black Jack krigen. Mei in priisfraach wurdt noch socht nei in moaie namme foar Jack.

Yn 2006 waard Swarte Lola opfongen yn de seehûnecrèche. Der wurdt no ûndersocht oft Jack famylje is fan Lola, want swarte eksimplaren binne tige seldsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)