Diere-ambu 24 oeren berikber

De diere-ambulanse yn Ljouwert is tenei 24 oeren deis berikber. In befeiligingsbedriuw mei in eigen meldkeamer hat oanbean om meldingen nei kantoartiid te ferwurkjen. De diere-ambulanse hoecht dêr neat foar te beteljen.
Oant no ta wie it sa dat it antwurdapparaat der opgie, nei fiven. Minsken moasten dan mei in mobyl nûmer belje. De berikberheid giet der no bot op foarút.