Kosovo-flaggen út Dokkum

17 mrt 2008 - 16:37

De earste offisjele flaggen fan de nagelnije steat Kosovo binne ferline wike al fan de bân rôle by de Dokkumer Flaggesintrale. Kosovo rôp de ôfrûne moanne selstannich har eigen ûnôfhinklikheid út. Dit ta grutte argewaasje fan Servië.

Neidat it Nederlânske regear it lân erkend hie, krige it bedriuw de opdracht om de blauw mei giele flagge te printsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)