Wurk oan wetterlieding Easthim

17 mrt 2008 - 12:41

By Easthim wurdt moandei hurd wurke oan it meitsjen fan de wettertransportleiding dy't sneon knapte. It lek ûntstie sneontemoarn en soarge dêrfoar dat in soad minsken yn it gebiet tusken Frjentsjer, Ljouwert en Snits in pear oeren sûnder wetter kamen te sitten.

Makkelik is de reparaasje net, de buis leit op fiif meter djipte yn de sachte feangrûn. De lieding rint fan Spannenburch nei Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)