Tibet-debat yn Fryske steaten

17 mrt 2008 - 12:35

De steatefraksje fan GrienLinks wol dat Deputearre Steaten in brief op poaten stjoert oan de gouverneur fan de Sineeske provinsje Sichuan. Fryslân hat in freonskipsbân mei dy provinsje.

Ofrûne wykein waard yn Sichuan troch Tibetaanske mûntsen demonstrearre tsjin de Sineeske besetting fan Tibet. By it plysjeoptreden dêr soene 8 deaden fallen wêze. GrienLinks wol no in spoeddebat yn de steaten oer de relaasje tusken Fryslân en Sichuan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)