Nije sportfjilden yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Boalsert stekt de kommende jierren miljoenen yn de sportakkomodaasjes efter it swimbad. Der komme trije nije sportfjilden. De iisbaan wurdt sa feroare, dat der simmerdeis skeelere wurde kin. Om de fjilden komme kuierpaden.
Fierder krijt de kamping in nij plak. Dat hat it kolleezje fan B & W yn Boalsert besletten. As earste wurde de kuorbalfjilden ferpleatst fan de Harwerterfeart nei it iisbaanterrein.