Rjochtsaak sit keeper dwers

17 mrt 2008 - 11:49

Brian Vandenbussche sit sa bot yn spanning oer in rjochtsaak, dat er om dy reden leaver op de bank sit. De keeper seit dat yn de Belgyske krante Het Nieuwsblad. It giet om in kafeerúzje út 2001, wêrby't in jonge út it rút foel en ferwûne rekke.

Vandenbussche krige hjirfoar earder seis moanne selstraf op betingst en in boete fan 3000 euro, mar gie tsjin dy straf yn heger berop. De útspraak fan dat heger berop is moandei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)