'Blommepiramides' nei Milaan

ien fan 'e blommepiramides fan it ryksmuseum yn Amsterdam
Ierdewurkfabryk Tichelaar fan Makkum wurket mei oan in grutte eksposysje yn Milaan. It giet om saneamde blommepiramides. Tichelaar hat in pear jier lyn in blommepiramide út de 18de ieu restaurearre. In blommepiramide is in steapel fazen fan Delfts blau.
In tal keunstners hat him hjirtroch ynspirearje litten en in eigen ynterpretaasje fan sa'n piramide makke. De fiif piramides wurde yn april útstald yn Itaalje.