Ek aaien op Amelân en Skier

17 mrt 2008 - 08:56

It earste ljipaai fan Skiermûntseach is fûn troch Jan Holwerda(72). Hy fûn it aai freed om kertier foar fiven middeis ûnderoan de seedyk. It aai is moandei oanbean oan boargemaster Bert Swart. It is foar de fjirde kear op rige dat Holwerda it earste aai fan Skiermûntseach fynt.

Op it Amelân is sneontemiddei it earste ljipaai fûn troch Janke Nobel fan Ballum. Se fûn it yn in stik greide yn Ballum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)