Mear allochtoane plysjes

16 mrt 2008 - 17:53

Fia wurkûnderfiningsplakken en maatskiplike staazjes moatte der mear allochtoanen by de plysje oan it wurk komme. En ek op skoallen moat mear reklame makke wurde foar it fak. Dat seit korpssjef Magda Berndsen. Sij is foarsitter fan in wurkgroep dy't soks ek lanlik fan de grûn krije moat.

Minister Ter Horst sei fan 'e wike dat der mear froulju en allochtoanen yn de top fan de plysje oan it wurk moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)