Himmelumer boer nominearre

© Omrop Fryslân
Bargeboer John Lorist fan Himmelum wurdt mooglik de agrariër fan it jier. Lorist wurket al goed 22 jier yn it fak en hat yn Himmelum in bedriuw opset mei in dikke 500 bargen. De sjuery wie dêrfan ûnder de yndruk, foaral omdat er sels net út in boerefamylje komt.
Dêrneist docht it bedriuw neffens de sjuery in soad oan de sûnens fan de biggen. Oft Lorist de priis ek echt krijt, wurdt begjin april bekend makke.