Optein oer Herrie in de Keuken

29 mrt 2012 - 12:58

De sân jongeren dy't meidogge oan it projekt Herrie in de Keuken binne entûsjast. Se ha sin om de hannen wer út de mouwen te stekken neidat se thús al in skoftke wurkleas op 'e bank sitten ha. Tongersdei krigen se les op it Friesland College. Herrie in de Keuken is in gearwurking tusken it Friesland College, de wurkpleinen fan Fryslân en waddenjobs.nl.

Doel is om sa wurkleaze jongeren klear te stomen foar in baan yn de hoareka op ien fan de waadeilannen. Op de eilannnen sitte se alle jierren wer te springen op personiel.

Trefwurden: 
Herrie in de Keuken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)