Flyers ferlieze fan Tilburch

Vadeko Flyers ha de tredde wedstryd yn de play-offs ferlern (foto: Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers fan It Hearrenfean hawwe sneintemiddei de tredde wedstryd yn de play-offs ferlern fan Destil Trappers út Tilburch. De perioadestannen wiene 2-0, 0-1 en 0-0. Tilburch hat no twa fan de trije wedstriden wûn.
De folgjende wedstryd yn de play-offs fan de earedivyzje stiet foar kommende sneon op it programma op It Hearrenfean. It giet derom wa't it earst trije wedstriden wûn hat.