Toeristyske rûte lâns tunen

De Kruidhof yn Bûtenpost is ien fan de doelen fan de rûte
Der komt in toeristyske rûte by tunen yn Fryslân del. It toeristysk buro Friesland-Holland is dwaande mei de ûntwikkeling dêrfan. De rûte giet del by de Botanyske tún de Kruidhof yn Bûtenpost en by de tunen fan staten en stinzen yn de omjouwing.
Der is ek in rûte by tunen en kwekerijen yn de Noardeastpolder del ûntwikkele. It toeristysk buro wol mei de rûte busûndernimmingen út Nederlân, Dútslân en België lûke.