Stikkene lieding moandei makke

© Omrop Fryslân
De lekke wettertransportlieding by Easthim wurdt moandei makke. Snein wurdt de sinker, dêr't it stikkene part sit, droechmealle.
It lek ûntstie sneontemoarn en soarge dêrfoar dat in soad minsken yn it gebiet tusken Frentsjer, Ljouwert en Snits sûnder wetter kamen te sitten. Letter op de middei beheinde him dat foaral ta Wommels en omjouwing. De lieding is oer de lengte iepenskuord