Herre Zonderland wint ôftekene

Mei in hege skoare fan 84.800 punten naam Zonderland in grutte foarsprong (foto: Martin de jong)
Herre Zonderland fan De Lemmer hat yn Veldhoven de earste EK kwalifikaasje- wedstriid wûn. Mei in ûnwierskynlik hege skoare fan 84.800 punten naam Zonderland in grutte foarsprong op de rest fan it dielnimmersfjild.
Twadde waard Melvin Ornek mei 79.800 punten. Mei 79.100 punten waard Carlo van Minde tredde. Herre's broer Epke die net mei yn ferbân mei in skouderblessuere.