Man slim siik troch drugs
It brûken fan drugs is in 23-jierrige man út Beilen sneontenacht yn Ljouwert hast fataal wurden. Plysjes fûnen him yn de Nieuwesteech. Dêr lei er op de grûn.
De man waard mei spoed yn de ambulânse nei it sikehûs brocht. Underweis krige er oant trije kear ta in hertstilstân, mar hy koe hieltiten wer reanimearre wurde. De man is opnaam yn it sikehûs.