Rút en auto fernield yn Stiens

16 mrt 2008 - 13:45

Unbekenden ha sneontenacht yn Stiens nochal wat fernield. Fan in hûs oan de Huismanstrjitte waard it rút fan de wenkeamer ynsmiten.

Fierder waard it achterste rút fan de auto fernield, dy't foar de doar stie. Alle bannen fan de auto binne ek lekstutsen. De dieders binne noch net pakt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)