Wer stakingen yn lytsmetaal

© Omrop Fryslân
De kommende dagen wurdt der opnij staakt by in tal Fryske bedriuwen yn de lytsmetaal. De wurknimmers fiere aksje foar in bettere CAO. Se wolle ûnder oare in leansferheging fan trije-en-in-heal persint.
Fannewike leit it personiel fan bedriuwen yn Frjentsjer, Snits, De Lemmer, Wolvegea en de Grodyk it wurk del. It giet ûnder oare om masjinefabryk Bijlsma yn Frjentsjer en jachtboubedriuw Aquanaut yn Snits.