Marit Bouwmeester goed op WK

© Omrop Fryslân
Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei de earste dei fan it wrâldkampioenskip silen yn de Laser Radial klasse op it achtste plak. Marit waard yn Takapuna yn Nij-Seelân in kear fjirde en in kear achtste. De Finske Sari Multala en de Belgyske Evi van Acker gean oan de lieding mei trije punten. Marit hat 12 punten.
Anneke Bouwmeester, suster fan Marit, die it minder goed. Anneke stiet nei de earste dei op it 55ste plak.