ONS spilet lyk tsjin Be Quick
Sneonshaadklasser ONS Snits spile op it eigen fjild tsjin de nûmer twa fan de ranglist, Be Quick '28 út Swolle. En de wedstriid einige lykas er begûn. It waard 0-0.
Yn de earste helte hie Be Quick it bêste fan it spul. Yn de twadde helte wie ONS de bettere ploech, krige ek wol kânsen, mar de doelpunten wiene djoer sneontemiddei yn Snits.