Tsjûgen socht fan bedriging

15 mrt 2008 - 14:31

De plysje siket tsjûgen fan bedriging, ferline wike sneon yn Ljouwert. In autobestjoerder út Westerbork waard oan de ein fan de middei lêstichfallen troch in oare autobestjoerder. Dat begûn al op de Wâldwei.

Doe't beide stilstiene foar de stopljochten by Suderbuorren, stapte de man fan de Golf út. Hy kaam mei in klauhammer op de auto fan de man út Westerbork ôf. Dy koe krekt op tiid fuortride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)