Jonkje mishannele op It Fean

15 mrt 2008 - 14:26

De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling fan in 13-jierrich jonkje fan It Hearrenfean. De jonge fytste freedtemiddei mei in freontsje oer de Omweg yn de rjochting fan Terbant.

Hy waard doe troch in noch ûnbekende man fan syn fyts treaun. De jonge foel, wylst de man trochfytste. Minsken dy't wat sjoen ha wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)