Twa Ljouwerters mishannele

15 mrt 2008 - 14:22

Yn Ljouwert binne twa ynwenners fan de stêd freedtejûn mishannele. Se sieten mei in tal freonen op in bankje oan it Potmargepaad, doe't se ynienen oanfallen waarden troch in groep fan sa'n tsien minsken.

De twa Ljouwerters waarden skopt en slein. Se rekken beide ferwûne en binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat om de dieders socht, mar hat se net fine kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)